Omrop TIP: ONFK live op 12 en 13 maaie

12 maaie 2017 - 15:31

Trijentweintich fanfare-orkesten út hiel Nederlân spylje op freed 12 en sneon 13 maaie oer fiif difyzjes om de heechste eare en prizen fan de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK). De ONFK wurde holden yn De Lawei yn Drachten en binne live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl/live/onfk en de Omrop-app. Freed fan 18.00 oere ôf en sneon fan 13.00 oere ôf.

Fryske komponisten

Yn alle difyzjes spylje de dielnimmende orkesten ferplichte wurken. Twa dêrfan binne troch Fryske komponisten skreaun: Jacob de Haan en Thom Zigterman. Alle optredens fan freed en sneon binne streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Freed fan 18.00 oere ôf, mei earst de 5e difyzje en dêrnei de 4e difyzje. Sneon 13 maaie begjint de live-útstjoering om 13.00 oere mei de 3e difyzje, folge troch de fanfaren yn de 2e difyzje en as lêste de striid om de prizen yn de 1e difyzje.

Koperkanaal

Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne fia it Koperkanaal, Koperkanaal.nl, it non-stop online HaFaBra-kanaal fan Omrop Fryslân.

De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen wurdt sûnt 2010 organisearre troch Stichting Frysk Fanfare Festival. Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op Onfk.nl.

ONFK live, freed 12 maaie fan 18.00 oere ôf en sneon 13 maaie fan 13.00 oere ôf fia Omropfryslan.nl/live/onfk

(Advertinsje)
(Advertinsje)