Wethâlder De Pee siket in fakânsjebaan

12 maaie 2017 - 14:55
Caroline de Pee - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wethâlder Caroline de Pee fan Frjentsjerteradiel siket fakânsjewurk. Yn july wol se graach by bedriuwen yn de gemeente del, om der achter te kommen wat der spilet. Se komt net allinnich om te praten, se wol graach oan de slach op it bedriuw.

De Pee hat ekonomy yn har portefúlje en fynt it belangryk om fan ûndernimmers te hearren hoe't it is om yn Frjentsjerteradiel in bedriuw te runnen. Se die dit de foarige simmers ek en hat al by 21 bedriuwen west. Undernimmers dy't de wethâlder graach in dei oer de flier hawwe wolle, kinne harren oanmelde by de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)