Twa manlju feroardiele foar beteljen mei falsk jild

12 maaie 2017 - 14:23
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

Twa manlju út it Noard-Hollânske Hoorn binne freedtemiddei troch de plysjerjochter yn Ljouwert feroardiele foar it beteljen mei falsk jild. It twatal rekkene twa jier lyn op ferskate plakken yn Fryslân ôf mei falkse briefkes fan 50 euro. De oplichting waard ûntdutsen troch in restauranthâlder yn Boalsert, dêrnei koenen de twa manlju oanhâlden wurden. It die bliken dat se ek yn Frjentsjer, Harns en Makkum mei falsk jild betelle hienen.

De haadfertochte waard feroardiele ta in wurkstraf fan sechtich oeren. De oare man krige trije wiken selstraf ûnder betingst. Wêrom't se krekt nei Fryslân kamen om it jild út te jaan, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)