"De wereld staat in brand en dit is het nieuws?"

12 maaie 2017 - 14:10

Op de Ljouwerter freedsmerk wienen de finales it petear fan de dei. Ajax en OG3NE soargen foar in gefoel fan grutskens dat se de finale hellen. "Ik bin yn it foarste plak in Fries, mar op dit soarte mominten ek in Nederlanner.'' Mar ek: "It binne wer trochsetters, en dêr komt it op oan. Krekt sa't Hotze Schuil al sei: je moatte stean dêr't de bal komt". In frou fertelde: "Myn man siet plat foar it songfestival. Yn de luie stoel yn de foarkeamer. Net om de muzyk hear, mar om it útsjoch. Fansels wie der ek wer romte foar in ûnnochterjende konklúzje: "De wereld staat in brand en dit is het nieuws? Dankjewel doei".

(advertinsje)
(advertinsje)