Fryske mûnen meie dochs draaie op Iepen Mûnedagen

12 maaie 2017 - 14:00

Fiif fan de sân mûnen yn Fryslân dy't sûnt heal april stil stean, meie fan Stichting De Fryske Mole wol draaie mei de Iepen Mûnedagen kommend wykein. Rûnom yn Nederlân meie tsientallen mûnen net draaie om't der gefaar is dat de wjukken loslitte. De kommende tiid wurde twa oplossings útwurke foar de problemen mei de mûnen. Mar dêr hawwe se foar sneon en snein neat oan.

Neffens foarsitter Wiepke Schukken fan De Fryske Mole binne de fiif mûnen dy't no wol draaie kinne lytser en nijer as de mûne mei de stikkene wjukken. As der foarsichtich draaid wurdt, dan is der neat oan de hân, sa seit de stichting. Foar de mûnders is de tastimming om te draaien in grutte opluchting. Der is neffens mûnder Johannes Vuijk fan de Olifant yn Burdaard neat minder foar in mûnder as net draaie te kinnen.

De fiif mûnen dy't wol draaie meie, binne eigendom fan De Fryske Mole. Mûnen De Puollen yn Dronryp is fan Stichting Molens in Menaldumadeel. Dizze bliuwt foarearst stilstean. Mûne Windlust yn Boerum is eigendom fan Erfgoed Kollumerland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)