Man dy't Omroppresintatrise jild ôfgnobbe sit fêst

12 maaie 2017 - 13:41

De man dy't âld-Omroppresintatrise Dieuwke Kroese oplichte troch by har yn it bêd en brochje te sliepen sûnder te beteljen, sit fêst. De plysje kaam de man op it spoar nei meardere meldingen út Ljouwert. It giet om in 53-jierrige man sûnder fêst wenplak. Oarspronklik komt er út Grinslân.

Sikehûs

De man wurdt der ek fan fertocht dat er jild fan in echtpear ûntfytmanne​ hat. Hy die him foar as dokter, en liet it echtpear betelje foar in ûndersyk yn in spesjalisearre sikehûs. De slachtoffers ha it jild oermakke, mar it ûndersyk is der nea kaam.

Fjirtjin fraudesaken

Yn totaal giet it om fjirtjin fraudesaken sûnt augustus foarich jier. Under oare tanke, online bestellingen dwaan, en yn hotels of bêd en brochjes ite en sliepe, allegearre sûnder te beteljen.

De man hie gjin ynkommen, en gjin fêst wenplak. Hy fertsjinne syn jild mei de oplichtingspraktiken. Sa koe er himsels ûnderhalde.

"It doogde gewoan net"

Doe't de man by Kroese wie, die er ek krekt as wurke er yn it sikehûs. Hy sei dat er dêr as ICT'er ynhierd wie troch it MCL yn Ljouwert.

"Der wienen hieltyd problemen, en hy frege oft er noch wat langer bliuwe koe," sei Kroese earder. "It doogde gewoan net. Doe't ik it MCL belle, die bliken dat sy gjinien ynhierd hienen." It wie doe al te let. De man wie poater.

Skeafergoeding

Ein april koe de plysje de man dochs oanhâlde. Syn foararrest is mei 90 dagen ferlinge. Syn auto is ek yn beslach naam. Dy wurdt ferkocht as de man feroardiele wurdt. Slachtoffers kinne dan in skeafergoedking krije út de opbringsten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)