Basisskoalle De Cingel yn Menaam wint bokaal Himmelwike

© Omrin
De skoalbern fan basisskoalle De Cingel yn Menaam hawwe dit jier de Himmelwike bokaal wûn. Freed krigen se fan wethâlder Lute Pen fan de gemeente Menameradiel de priis útrikt. Yn de Himmelwike leare de bern oer de skealike gefolgen fan swalkôffal en wat se dêr tsjin dwaan kinne.
De learlingen hawwe nei ferhâlding yn har gemeente it measte ôffal opromme: goed tritich kilo. Der dienen dit jier 8.500 bern mei oan de Himmelwike.