3,5 jier sel easke tsjin Ljouwerter (31) foar minskehannel

12 maaie 2017 - 12:59
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 31-jierrige frou út Ljouwert is 3,5 jier sel easke foar minskehannel en minskesmokkel. De frou die dit yn de perioade fan maaie 2010 oant en mei septimber 2013. De offisier achte de Ljouwerter skuldich oan it ferfieren en húsfestjen fan twa froulju út Brazilië. Se hat de froulju nei Nederlân komme litten om te wurkjen as manikure of oppas, mar nei inkelde wiken waarden se twongen te wurkjen as prostituee.

De frou hat de slachtoffers mislaat en misbrûk makke fan har posysje. Ek twong se de froulju it fertsjinne jild oan har ôf te stean. Neist dizze saak, soe de frou ek skuldich wêze oan it smokkeljen fan meardere froulju nei Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)