Auto mei oanhinger slacht oer de kop by Akkrum

12 maaie 2017 - 12:42
Foto: Kappers Media

Op de A32 by Akkrum is freedtemiddei in auto mei in oanhinger oer de kop slein. De bestjoerder ferfierde sân en stiennen yn de karre, doe't er by it Leppa akwadukt yn 'e slip rekke. De oanhinger skeat los en de auto kaam op 'e kant ta stilstân.

De bestjoerder koe sels de auto ferlitte. In berger hat de auto en de oanhinger yntusken burgen. De rjochter rydstrook fan de dyk is noch wol ôfsletten.

Trefwurden: 
A32 Akkrum ûngelok auto
(advertinsje)
(advertinsje)