Mear fergees parkearjen yn Snits en Boalsert

12 maaie 2017 - 12:09
Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Minsken yn Snits en Boalsert kinne fan takom jier ôf op meardere plakken yn de stêd fergees parkearje. Yn Snits wurde twa grutte terreinen en twa garaazjes njonken de binnenstêd folslein kosteleas foar parkearders. Ek it koarter delsetten fan de auto yn it sintrum fan de beide stêden wurdt oantrekliker. It earste healoere oan parkeartiid wurdt nammentlik fergees.

De maatregels wienen al langer in winsk fan de ûndernimmers yn de stêden. It fergees parkearjen hat wol ien neidiel: de reguliere oeretariven foar parkearje yn de binnenstêden fan Boalsert en Snits geane wol wat omheech.

(advertinsje)
(advertinsje)