Plysje dielt hûnderten boeten út op de A7

12 maaie 2017 - 11:45
Plysjes by in eardere ferkearskontrôle - Foto: ANP

Yn goed fiif wiken tiid hat de plysje mei elkoar 485 boeten útdield oan bestjoerders op de A7, benammen by de wurksumheden by it knooppunt by De Jouwer. Yn totaal moasten 26 minsken it rydbewiis ynleverje. Goed 200 automobilisten rieden te hurd en hast 150 bestjoerders krigen in boete omdat se mei wat oars dwaande wienen achter it stjoer, bygelyks mei de mobile telefoan.

De plysje giet de kommende tiid troch mei de kontrôles.

(advertinsje)
(advertinsje)