Ljouwert wol in duorsumer stedskantoar

12 maaie 2017 - 11:30

It stedskantoar yn Ljouwert krijt in waarmte-kjeld-opslach-ynstallaasje. Dêrmei wurdt waarmte en kjeld opslein yn de grûn. Dy opslach kin it stedskantoar winterdeis ferwaarmje en simmerdeis kuolje.

Moandei wurdt begong mei de wurksumheden. Dy duorje sa'n trije wiken. De ynstallaasje is ûnderdiel fan de Leeuwarder Energie Agenda. Ljouwert stribbet nei 16 persint duorsum opwekte enerzjy en 20 persint enerzjybesparring yn 2020. It giet dan om it totale enerzjyferbrûk yn de gemeente Ljouwert.
 

Trefwurden: 
stedskantoar Ljouwert enerzjy
(advertinsje)
(advertinsje)