Stikelroch spielt nei 50 jier oan op Skiermûntseach

12 maaie 2017 - 11:08

Op it strân fan Skiermûntseach is in stikelroch fûn. Bysûnder, seit Natuermonuminten. De soarte is fan de jierren '60 ôf eins net mear sjoen yn de seeën om Nederlân hinne.

Stikelroggen kinne harren mei help fan in skutkleur goed ferstopje. Se jeie op lytse fiskjes, garnalen en seeslakken. De stikelroch is fûn troch Thijs de Boer, by peal 16. It bist is meikoarten te sjen yn it eilanner Schelpenmuseum Paal 14.

(Advertinsje)
(Advertinsje)