Isabelle Diks: "Het was een grote schok"

12 maaie 2017 - 10:54

"Het was als een achtbaan waar ik in zat, dat verzin je niet. Van het ene op het andere moment had ik een andere baan. Dat was echt een schok." Dat seit Isabelle Diks fan GrienLinks. Acht jier lang wie se wethâlder yn Ljouwert, no sit se yn de Twadde Keamer. Keazen mei foarkarstimmen. Dat hie se flak nei de ferkiezingen net tocht. Freedtemiddei nimt se offisjeel ôfskied fan it wethâlderskip yn Ljouwert.

Diks beskôget de earste wiken yn Den Haach as in ynwurkperioade. Sa lang as de formaasje noch oan de gong is, meie Keamerleden oer lang net alles stimme. Kontroversjele ûnderwerpen komme net oan de oarder. Sa drok is it dus net, seit Diks. Boppedat binne der in soad nije Keamerleden.

''Nog steeds hetzelfde''

"De helft van de Kamer is nieuw. Veel mensen lopen hier met grote ogen rond." Diks sels hat earder alris fjouwer moannen yn de Keamer sitten. Yn 2008 ferfong se Mariko Peters, doe't dy mei swangerskipsferlof gong. "Het gebouw, en de mores, zijn nog steeds hetzelfde. Het spaart veel tijd dat ik al even in de Kamer heb gezeten."

De formaasje, dêr't GrienLinks by oanskoot neist VVD, CDA en D66, folget Diks op de foet. "Er zijn terugkoppelmomenten, waarin je wordt bijgepraat hoe het staat. Of het goed komt, dat kun je niet zeggen. De verschillen zijn groot. Maar ik heb het gevoel dat iedereen aan tafel serieus probeert om er uit te komen. Het is een bijzondere periode voor GroenLinks.''

Ofskied fan Ljouwert

It is mei pine yn it hert dat Isabelle Diks ôfskied nimt fan 'har' Ljouwert. "Leeuwarden is echt mijn stad geworden. Als wethouder was ik met hele mooie dingen bezig. Ik zat in veel landelijke overleggen om Fryslân aan de man te brengen. We waren koploper in vanalles en nog wat."

"Deze baan is ook schitterend. Het kamerlidmaatschap geeft me ook kansen om voor Leeuwarden en de regio mooie dingen te doen. Maar ik moest wel even wennen aan het loslaten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)