Jonge (12) hoecht fan rjochter gjin gemokuer te krijen

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 12-jierrich jonkje út Alkmaar hoecht gjin gemokuer te krijen, as hy dat sels net wol. It jonkje hat in harsentumor en wol net behannele wurde. Syn heit út Britsum wie nei de rjochter stapt om dat beslút werom te draaien. De rjochter hat no sein dat de jonge ''wilsbekwaam'' is en sels beslisse kin oer syn behanneling.
Syn mem stipet de jonge wol. De âlden binne skieden en ferskille fan miening oer de behanneling fan harren slim sike bern.