Jagers stelle easken oan provinsjaal guozzeplan

12 maaie 2017 - 10:25
Guozzen by Easterlittens - Foto: Henk Bootsma

Yn in mienskiplike ferklearring stelle de jagersferienings yn Fryslân easken oan it guozzeplan fan de provinsje. De ferklearring is tongersdeitejûn oannommen. Neffens de provinsjale oanpak krije de jagers de romte om alle jierren goed 200.000 winterguozzen ôf te sjitten, om sa wat te dwaan oan de skea oan lânbougrûn. De jagers stelle yn de ferklearring dat se net ôfrekkene wurde wolle op oantallen en op de gefolgen fan it ôfsjitten fan de guozzen.

Ek hâlde se har it rjocht foar om net mei te wurkjen, as der gjin passende regeling troffen wurdt. Yn de ferklearring stelle de jagersferienings ek dat de guozzeskea in earste ferantwurdlikheid is fan de oerheid en de terreinbehearders.

Trefwurden: 
jagers guozzen guozzeskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)