Hearrenfean wint fan Boys

25 okt 2011 - 20:41

SC Hearrenfean hat de bekerwedstriid tsjin Harkemase Boys mei 6-1 wûn. De thúsploech wie dúdlik better en makke tusken de 17e en 25e minút trije moaie doelpunten: Djuricic, Zomer en Dost. Yn it útferkochte Abe Lenstra stadion die Jordy van Wijk foar de Boys wat werom: 3-1. Nei it skoft hiene Narsingh, opnij Dost út in strafskop en Martinus súkses foar de Feansters. De fans fan de Boys wiene mei 5000 man ôfreizge nei It Hearrenfean. Foar in protte minsken wie it in fuotbalfeest.

(advertinsje)
(advertinsje)