Kollum: ''Lân fan suertsjes''

12 maaie 2017 - 08:33

''In boete fan 100 euro omdat de hûn los rint… Ik lies it ferline wike mar kin my der no noch drok om meitsje.  Ik begryp wol dat je hûn in oar net ta lêst wêze moat en as er los net fertroud is, moat er oan ‘e riem. Mar ik ha ek it idee dat de tolerânsjegrins fan guon minsken hieltyd earder berikt is. As it sa trochgiet dan meie ús katten aanst ek net mear frij bûten rinne.

Yn ‘e tiid dat ik in bern wie, runen de measte hunen los troch it doarp. Dêr wie ek wolris in rothûn by en ik bin ek wolris biten. Mar oer it algemien gong it sa bêst as wat en learden je fan jongs ôf oan wol hoe’t je mei hunen omgean moasten. Je stiene ek wolris yn ‘e stront mar mei in tûke of in toppe gers wiene de skuon samar wer skjin wylst hjoeddeis de traumahelikopter der hast wol by komme mei.

Ik fyn dat we yn ús kultuer hieltyd mear fan de natuer ôf komme te stean. Miskien binne der dêrom ek wol hieltyd mear frustrearre hunen. Ik ha fan in hûnetrainer heard dat de hunen mear stress ha as eartiids. Dat komt omdat de minsken it altyd drok hawwe en amper mear thús binne. Dan moat de hûn der noch gau efkes út wylst dat bist fol enerzjy sit omdat er sawat de hiele dei yn in bench sitten hat mar sa wurket it net.

Cesar Milan hat yn ien fan syn boeken skreaun dat de lokkichste hunen yn Amearika de hunen fan de dakleazen binne. Dy sweve de hiele dei mei it baaske om en dat komt it tichtste by it natuerlike gedrach fan sa’n bist. Doe’t ik dat lies tocht ik oan de bijkes fan eartiids. Sa raar hiene dy it dus net.

Ut en troch jeie hunen achter skiep of oar fee oan. Dat heart fansels net sa mar it kin barre, krekt sa as guon hunen fjochtsje of achter in kat oanfleane. Dat is ek net leuk mar it binne bisten mei in ynstinkt. Sa kin in hynder op hol fleane, de kat de parkyt opfrette en in bolle de boer ferpletsje. It is allegear hiel ferfelend mar it libben is gjin mearke en soms hawwe je gewoan pech. Om dan alles mar ôfbeakenje te wollen mei regels, liket my net goed ta. Dan brûkt úteinlik nimmen syn sûne ferstân mear en roppe we allinnich noch mar: ‘Dat mei net!’

Wy libje sa stadichoan yn in lân fan suertsjes. Ta dat besef bin ik kommen doe’t wy yn jannewaris op fakânsje wiene yn Suriname. Dêr binne gjin fytspaden, ride se as gekken, boartsje de bern gewoan lâns de dyk tusken de strjithunen dy’t oeral omskarrelje en ik ha net in hûn fjochtsjen sjoen.  Neffens de taksysjauffeur binne der hieltyd minder hunen omdat de Sinezen alles opfrette en ek lang net alle hunen seagen der sûn út mar dochs wie it bysûnder om mei te meitsjen.

Je hawwe dêr ek kâns dat je bygelyks in anakonda fan in meter as fjouwer op ‘e dyk treffe omdat it asfalt sa lekker waarm is. Wy hawwe mei immen praten dy’t tsjin sa’n bist oanrieden is en syn auto wie total loss. Dêr kinst dus oeral slangen, spinnen en oare giftige bisten  treffe mar se meitsje har der net hiel drok om want sa is it no ien kear.

Ik hie it der net bepaald op stean mar ik bin soks ek net wend. Hjir  binne gjin anakondas, kaaimannen en fûgelspinnen. Nee… hjir rint wolris in hûn los. Freeslik gewoan!''

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)