''Gefolgen útwreiding Lelystêd binne folle yngripender''

De gefolgen fan de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd yn 2018 sille folle yngripender wêze foar Fryslân as in soad minsken tinke. Dat sei loftfeartsaakkundige Wim Liesker tongersdeitejûn op in ynformaasjegearkomste oer de útwreiding yn Munnikebuorren. Liesker fierde dêr it wurd op útnûging fan it komitee Laagvliegroutes Nee en it doarpsbelang fan Munnikebuorren. Neffens Liesker wurdt der lang en horizontaal op lege hichte oan- en ôfflein yn in grut part fan it suden fan de provinsje. Dat sil neffens him foar flinke oerlêst soargje.
Tahearders yn de seal skrokken bot fan it boadskip en trune oan op mear ynformaasje en maatregels. Ut de gemeenteried fan Weststellingwerf wurdt oandroegen op in dúdlik stânpunt fan de gemeente. Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren wol mei de belutsen gemeenten en de provinsje om tafel om oer de gefolgen fan Lelystêd te praten, no't dy grutter lykje as earder ferwachte.