Frjentsjer offisjeel Reformaasjestêd

11 maaie 2017 - 22:13

Nei Gennep en Woerden is Frjentsjer de tredde Reformaasjestêd fan Nederlân. Tongersdei is de titel offisjeel oerdroegen oan boargemaster Eduard van Zuijlen. It is in Europeeske erkenning fan de stêd troch in mienskiplik projekt fan Europeeske protestantske tsjerken. Ien fan de minsken dy't him bot ynsetten hat om de titel nei Frjentsjer te krijen, is dûmny Lieuwe Bergsma.

Frjentsjer spile in wichtige rol yn de skiednis fan de Reformaasje. De beweging hie in sintrum yn de stêd en de universiteit yn Frjentsjer spile in wichtige rol by de oplieding fan studinten dy't dêr feilich teology studearje koene.

De gemeente hopet dat der troch dizze titel mear toeristen nei de stêd komme sille.

Trefwurden: 
Frjentsjer religy
(Advertinsje)
(Advertinsje)