Sinnepark De Griene Greide offisjeel iepen

Frijwilligers fan de enerzjykoöperaasje Garyp hawwe der jierrenlang mei oan de gong west, en freedtemiddei is it safier. Om healwei trijen sil kommissaris fan de Kening Arno Brok it sinnepark De Griene Greide yn Garyp offisjeel iepenje. It sinnepark leveret al in pear moannen stroom, mar dochs is it in bysûndere dei foar it doarp, seit Gjalt Benedictus. Hy is de foarsitter fan de Enerzjy Koöperaasje Garyp.
It sinnepark op it eardere stoart kaam ta stân troch in gearwurking tusken de enerzjykoöperaasje fan it doarp en it bedriuw GroenLeven. It park mei 27.000 panielen kin jierliks 1.700 húshâldingen fan stroom foarsjen. De stroom fan it park sil sa folle mooglik yn de regio ferkocht wurde.