Bankdirekteur ferspile mooglik miljoenen fan jonkje (12)

11 maaie 2017 - 18:11
Foto: Omrop Fryslân

It Iepenbier Ministearje easket fjouwer jier sel tsjin in 54-jierrige bankdirekteur. Dy soe miljoenen euro's ferspile hawwe mei foute belizzingen. It jild wie eins fan in 12-jierrige jonge. De jonge hie dat jild krigen út in erfenis. De direkteur dy't wurke foar de Friesland Bank, en in kollega fan him, wiene oansteld as bewâldfierder. Tsjin de kollega is twa jier sel easke.

As it oan de offisier fan justysje leit, mei de bankdirekteur de kommende fiif jier syn berop net mear útoefenje. En de beide manlju moatte dan fjouwer miljoen euro werombetelje.

De eask kaam hurd oan by de beide manlju. Harren advokaten fregen om frijspaak. Sa grut wie it risiko no ek wer net, sizze se, en boppedat hiene de manlju it belang fan de 12-jierrige jonge foar eagen.

De 12-jierrige is no 21 jier âld. Hy hat in frou, en twa bern. Neffens de hjoeddeistige bewâldfierder hat er in belestingskuld fan miljoenen euro's.

Op 31 maaie docht de rjochtbank útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)