Unike gearwurking Rabobank en De Alde Feanen

11 maaie 2017 - 17:36

Nationaal Park De Alde Feanen krijt foar de kommende trije jier 150.000 euro fan de Rabobank Drachten Friesland Oost. De Alde Feanen wol mei it jild de rekreaasje en edukaasje yn en oer it park fierder ûntwikkelje. Ek sil it brûkt wurde om de marketing fan it park en de gearwurking mei ûndernimmers te ferbetterjen. De gearwurking is unyk. Noch nea earder krige in nasjonaal park yn Nederlân jild fan in bedriuw út de private sektor. It kontrakt tusken beide partijen is tongersdeitemiddei tekene troch de foarsitter fan it park, Sipke Swierstra en de direkteur fan de bank, Siebe Meindertsma.

(advertinsje)
(advertinsje)