Biblioteken Noard-Fryslân skoare it bêste fan Nederlân

11 maaie 2017 - 17:02
Fryske boeken - Foto: ANP XTRA

De biblioteken yn Noard-Fryslân skoare it heechste fan hiel Nederlân op klantfreonlikheid. Dat docht bliken út in lanlik ûndersyk. Neffens dat ûndersyk kinne de Noard-Fryske biblioteken as foarbyld tsjinje foar de rest fan it lân: De meiwurkers binne freonlik, ha der in soad ferstân fan, binne entûsjast en tinke mei mei de klant.

Minsken dy't oan it ûndersyk meidien ha, binne minder tefreden oer it optreden tsjin lestige minsken yn de byb. Dêr ha de meiwurkers yntusken in trening foar hân, sadat se dat no better oanpakke kinne.

Trefwurden: 
biblioteek Noard-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)