Kampanje freget omtinken foar sûn grûnwetter

11 maaie 2017 - 16:38

As we der net om tinke, wurdt it Fryske grûnwetter hieltyd sâlter. Dat is in probleem, want al ús liedingwetter komt út it grûnwetter. De provinsje Fryslân en wetterliedingbedriuw Vitens begjinne dêrom mei in kampanje foar 'ferstannich en bewust omgean mei grûnwetter'. Grûnweter is hiel wichtich foar Vitens, want it bedriuw hellet elts jier sa'n 60 miljoen kubike meter grûnwetter út de grûn.

'Freshkeeper'

By Wetterliedingbedriuw Vitens hawwe se de ôfrûne jierren dúdlik fernaam dat it grûnwetter ek by Noardburgum sâlter wurdt. It bedriuw hat dêrom in nije type wetterput ûntwikkele, de Freshkeeper of - yn geef Frysk - de swiethâlder. De Freshkeeper skiedt it swiete grûnwetter fan it brakke - licht sâlte - grûnwetter. It sâlte grûnwetter wurdt wer werompompt yn de djippe ûndergrûn. Mei dy nije technyk, dy't Vitens sels ûntwikkele hat, kin ek by Noardburgum dochs wer wetter wûn wurde.

Spanning

It sâlter wurden fan it grûnwetter is in stadich mar slûpend proses fan de langere termyn. Neffens grûnwetterekspert Harry Boukes fan de provinsje is Fryslân in hiel spannend grûnwettergebiet, fanwege de spanning tusken sâlt en swiet wetter en de dynamyk yn de ûndergrûn.

Kolleezjemiddei

No sneon is der in grutte grûnwetter-kolleezjemiddei yn it Koepelteäter yn Ljouwert. It giet dan oer saken as it klimaat, grûnwettermjitpunten en de skiednis fan it grûnwetter. Provinsjale Steaten sille ein dit jier, begjin takommend jier te set oer it Fryske grûnwetterbelied.

Trefwurden: 
Freshkeeper sâlt wetter
(Advertinsje)
(Advertinsje)