PvdA wol witte as izerflechters Sintrale As al betelle binne

11 maaie 2017 - 16:16
De flearmûs hop-over by Nyegea - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De steatefraksje fan de PvdA wol witte hoe't it sit mei de útbetelling fan achterstallich lean oan izerflechters dy't meiwurke ha oan de sintrale as. Neffens it fakbûn FNV ha de minsken it jild dêr't se rjocht op ha net krigen. Mar it útstjoerburo dat de izerflechters ynhierd hat, hat der sels ûndersyk nei dien en seit dat der neat mis gien is.

De PvdA wol no witte hoe't it kin dat beide partijen der sa oars oer tinke en oft de izerflechters no wol of net har jild krigen ha. It skeel der oer rint al skoften.

(Advertinsje)
(Advertinsje)