Kaart mei alle hegere wetterpeilen yn feangebiet

© Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Wetterskip Fryslân hat yn kaart brocht wêr yn it feangreidegebiet de kommende jierren it wetterpeil omheech giet. Om de boaiemdelgong dêr tsjin te gean, moat it wetter yn de sleatten omheech brocht wurde, om it fean sa wieter te hâlden. Oars ferdrûget it te bot, wêrtroch't de boaiem sakket. De maatregels wurde naam yn goed oerlis mei de minsken dy't der wenje. De kaart is te finen op www.wetterskipfryslan.nl/veenweide.