FNP: "Gelikense kânsen op lânbousubsydzjes"

© Omrop Fryslân
De biologyske en grûnbûne lânbou moatte like folle kâns meitsje op Europeeske subsydzjes as de gewoane lânbou. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. Dy seit dat it net goed rint mei de oanfragen foar subsydzje. Boeren ha klachten oer de stroeve prosedueres. Boeren of organisaasjes dêr't de oanfragen fan ôfwiisd wurde, kinne net goed gewaar wurde wêrom't se gjin jild krije. De FNP-fraksje wol fan deputearre Kramer witte oft dat kloppet.