Hurdfytser De Vries fljocht troch efterrút en brekt noas

11 maaie 2017 - 14:51
Hartthijs de Vries (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum hat by in fytsûngelok yn België syn noas brutsen en in tal oare ferwûningen oprûn. Sa hat er in flinke snijwûne yn syn nekke. It 20-jierrige talint crashte by in training yn België op in auto en fleach dwers troch it efterrút. De Vries waard mei in ambulânse nei it sikehûs yn Aken brocht en moast dêr de nacht bliuwe foar observaasje. Nei alle gedachten moat er noch in pear dagen yn it sikehûs bliuwe ear't er wer nei hûs ta mei.

It is noch net bekend hoe lang't er út de rûlaasje is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)