"Gjin neidielich effekt REC Harns op gewaaks"

11 maaie 2017 - 14:39
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns hat gjin neidielig effekt op it gewaaks yn de omkriten. Dat konkludearret de LTO-ôfdieling yn it gebiet, op grûn fan ûndersyk dat de organisaasje dwaan litten hat troch de Wageningen Universiteit. De universiteit hat ferline jier meardere kearen mjittings dien yn gers, spinaazje en oar gewaaks dat yn de buert fan de oven ferboud wurdt. Dêrút docht bliken dat by gjin fan de fûne stoffen oer de noarmen foar konsumpsje hinne gien wurdt.

It ûndersyk wurdt al dien sûnt de Harnzer oven yn wurking is, en giet ek dit jier troch.

Trefwurden: 
REC Harns LTO
(advertinsje)
(advertinsje)