Sportklup Hearrenfean set fancoaches yn

11 maaie 2017 - 14:13

SC Hearrenfean hat fjouwer fancoaches oansteld om de hurde kearn fan de klup yn 'e stringen te hâlden. Neffens de klup, supportersferiening en ketenpartners is in part fan de achterban ferhurde. Dit hat ta ynsidinten laat wêrtroch't de klup en de supporters negatyf yn it nijs kaam binne.

De nije fancoaches ha benammen in warskôgjende rol. Troch betiid oan te stjoeren op in positive gedrachsferoaring hopet de klup it tal stadionferboden ta in minimun te beheinen.

De fancoaches binne gjin ferlingstik fan de feilichheidsorganisaasje fan SC Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)