Fuotbalsters ûnder 17 net troch nei finale EK

11 maaie 2017 - 13:38
Foto: Oranje Leeuwinnen

De Nederlânske fuotbalsters ûnder de 17 jier hawwe har net pleatst foar de finale fan it EK yn Tsjechië. Se ferlearen tongersdei de heale finale tsjin Spanje mei 2-0. Kerstin Casparij fan SC Hearrenfean stie yn de basisopstelling.

De oare heale finale giet tongersdeitejûn tusken Noarwegen en Dútslân. De winner dêrfan spilet snein tsjin Spanje. Der wurdt gjin wedstriid spile om it tredde en fjirde plak. Oan it EK diene acht lannen mei.

Trefwurden: 
fuotbal EK Tsjechië
(Advertinsje)
(Advertinsje)