FIDEO: Armin: "Bijzonder om met Marrit het podium te delen"

11 maaie 2017 - 12:52

Dûnseres Marrit Nicolai fan Kollum hat in jier lang op wrâldtournee west mei Armin van Buuren en kommend wykein dûnset se har lêste sjo mei him. De 27-jierrige Marrit fynt dat it tiid is foar in nije útdaging: “Ik wol altyd ophâlde op myn hichtepunt. In wrâldtournee mei Armin en de jubileumsjo yn de Amsterdam Arena: better as dat slagget dy hast net as dûnser.” En dêrom hat Armin van Buuren spesjaal foar Marrit in koarte boadskip ynsprutsen.

In magysk jier

Marrit is in jier lyn útkeazen út 500 dûnsers. “It jier fielde as in grut kado. Ik hie in soargeleas libben en sliepte yn de moaiste hotels. Mar it wie tagelyk wol hurd wurkjen.” Fan San Fransico oant Sydney: se hat yn sa’n 20 lannen west. En somtiden moast se op it poadium stean mei mar in pear oeren sliep. Mar it optreden joech Marrit in hiel soad enerzjy: “Der binne lannen dêr’t Armin sa folle fans hat, de minsken stean dan gûlend nei it optreden te sjen. Dat jout sa’n kick en dêr koe ik ek faak net fan sliepe nachts.”

Nijsgjirrige Armin

“Armin hie in protte ynteresse yn syn crew en woe witte hoe it mei my gong. Mar hie woe ek altyd de lêste nijtsjes witte. Asto in jier mei mekoar fuort bist dan kin der fansels fan alles ûnstean. Ik siet faak tagelyk mei Armin yn de fisazjy en doe woe er altyd de lêste roddels witte.”

Takomst

Kommend wykein is de ôfsluting foar Marrit har dûnskarriêre. Mar wat wol se dêrnei dwaan? “De folgjende stap yn myn karriêre is telefyzje. Ik wol graach mear dwaan mei presentearjen en folgje dêr no ek trainingen foar.”

Tiisdei fertelde Marrit mei Jos Thie en Richard Kamstra oer de jubileumsjo fan Armin van Buuren. Se siet tiisdei ek yn it radioprogramma Weistra op wei mei har persoanlike ferhaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)