Monumint op It Bilt foar riders fan de Alvestêdetocht

11 maaie 2017 - 12:38

Op It Bilt binne plannen foar in monumint ta oantinken oan minsken dy't de Alvestêdetocht riden hawwe. It idee komt fan de 84-jierrige Piet Bron fan Froubuorren, dy't ek sels oan de tocht meidie. Hy wol in stielen monumint oan de rûte by Buerstermûne pleatse.

Riders út de gemeente kinne tsjin betelling in plaatsje mei har namme op it monumint sette litte. De earste riders dy't in plakje op it monumint wolle, hawwe har al by Bron meld. In Biltsk bedriuw is yntusken dwaande mei it meitsjen fan de stielen basis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)