F-16's út Ljouwert bewake foar earste kear Benelúks

11 maaie 2017 - 12:30

F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis sille de kommende fjouwer moanne de loft boppe Nederlân, België en Lúksemboarch bewake. Nederlân hat tongersdei foar it earst de bewaking oernaam fan de suderbuorren. Twa jachtfleantugen stean altyd paraat en kinne yn inkelde minuten de loft yn wêze as der in driging is.

Sûnt 1 jannewaris fan dit jier sille België en Nederlân elkoar ôfwikselje. Sa kinne se op de kosten besparje. Ek kin personiel en materieel op oare plakken ynset wurde. Lúksemboarch hat gjin jachtfleantugen.

(advertinsje)
(advertinsje)