Studinten Van Hall Larenstein winne 18.000 foar ûndersyk

11 maaie 2017 - 11:59
Ronald van der Meulen en Vladimir Aleksic - Foto: Van Hall Larenstein

Twa studinten fan it Van Hall Larenstein yn Ljouwert ha in ûndersyksbudzjet fan 18.000 euro yn 'e wacht sleept. Se meie dit jild brûke foar harren ûndersyk om ljochtjaande nanodieltsjes te syntetisearen mei help fan baktearjes. Se wolle besykje om de nanodieltsjes op in duorsume en goedkeape wize te meitsjen mei help fan baktearjes, yn stee fan gemikaliën. Ljochtjaande nanodieltsjes (quantumdots) wurde ûnder oare brûkt foar telefyzjeskermen.

De fjirdejiers gemy-studinten Ronald van der Meulen fan Nij Altena en Vladimir Aleksic fan Berltsum diene mei oan de jierlikse studintekompetysje fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk en binne út de skroeven mei it jild foar harren ûndersyk.

Troch ûnder oare de pitch yn dizze fideo en in sterk ûndersyksplan wûnen Ronald van der Meulen en Vladimir Aleksic it ûndersyksbudzjet:

(Advertinsje)
(Advertinsje)