Frânsk cruiseskip leit oan yn haven fan Harns

11 maaie 2017 - 10:47

Yn de haven fan Harns leit op dit stuit in grut cruiseskip. It giet om Le Soléal, in Frânsk skip dat fanút Ingelân ûnderweis is nei Dútslân. Mei syn 142 meter lingte is it sawat it grutste cruiseskip dat Harns hawwe kin. Oan board binne 210 gasten, foaral Frânsen, en 140 bemanningsleden. It skip is tongersdeitemoarn om seis oere oankaam en sil nei ferwachting om ien oere middeis wer ôfsette. De reis giet dan fierder nei de stêd Kiel yn Dútslân.

Neffens wurdfierders fan Cruise Port Harlingen is Le Soléal foar Harnzer begrippen "wol hiel grut", mar kin de havenstêd noch gruttere cruiseskippen ferwolkomme. De maksimale lingte is 160 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)