Pieter Breuker krijt Sulveren Anjer

11 maaie 2017 - 10:40

Skriuwer en histoarikus Pieter Breuker út Feanwâlden is ien fan de trije Nederlanners dy't in Sulveren Anjer krijt. De ûnderskieding fan it Prins Bernhard Cultuurfonds wurdt op woansdei 14 juny útrikt troch prinses Beatrix. Breuker krijt de Sulveren Anjer foar syn bydrage oan de kultuerhistoarje, yn it bysûnder de keats- en sportskiednis yn relaasje mei keunst en kultuer.

De Sulveren Anjer wurdt sûnt 1950 alle jierren útrikt oan minsken dy't har frijwillich ynsette foar de kultuer of natuer yn ús lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)