Deputearre Kramer: Skipswrakken yn kaart bringe en beskermje

11 maaie 2017 - 09:29

Sykje út wêr't skipswrakken lizze en besykje se goed te beskermjen. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Fryslân, Grinslân, Seelân en Noard- en Súd-Hollân wolle mear jild fan it Ryk foar ûndersyk nei histoaryske wrakken yn de Noardsee en Waadsee. It soe gean om trije miljoen euro.

Neffens Kramer is it wichtich de skipswrakken yn kaart te bringen. "It binne tiidskapsules. Se fertelle wat oer de tiid wêryn't se fergien binne. Der binne hiele seldsume saken dêr't je op passe moatte. Dêrom moatte je witte wêr't se lizze, sadat je se net ferniele kinne by bygelyks de oanlis fan wynparken of gasliedingen yn de see."

Hoefolle skipswrakken der yn de Noardsee en Waadsee lizze is net presys bekend. "Dat is dreech om yn te skatten, omdat se faak ûnder de boaiem fan de see lizze", sa seit Kramer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)