Kollum: "Koplampe"

11 maaie 2017 - 08:19

"Juster moast ik nei in autogaraazje om it pitsje fan de rjochter koplampe fan myn auto te ferfangen. Freeslik. De auto-yndustry hat my op ‘e knibbels: ik gean nei garaazjes om lampkes.

Dit wie de earste kear. Ik ha yn myn libben al moai wat lampkes yn auto’s ferfongen. By myn Frânske auto’s wie ik der sels hiel betûft yn, want dy gongen om de seis moannen. In goedkeape Dútser: en dat wie hast like slim. Doe trije jier in saaie Dútser. Myn allersufste auto, mar dêr mankearre nea wat oan. Sels gjin lampkes kapot. Sûnt dy tiid djoere Dútsers. Mar ek dy koplampen krige ik der ûnder: yn nachtlike stoarmen mei rein en hurde wyn stie ik te prutsen, en krige it foarinoar.

It wie in bytsje myn trots. Dat ik dat kin. Mar de auto’s wurde hieltyd yngewikkelder. By myn earste auto’s koe ik noch sûnder problemen de akku sa ferfange wannear't er minder waard. Autoradio’s ha ik ek yn- en útboud om it leven. Floeistoffen byfolje, gjin probleem. Fjouwer fulpunten: remfloeistof, koelfloeistof, rutewiskerfloeistof en motoroalje. Ik koe se sûnder problemen yn elk merk oanwize. Dy tiden binne foarby.

Wannear't der wat mei myn auto is, moat er nei de garaazje. It earste wat se dogge is him ynplugge yn in laptop. Utlêze, neame se dat. Ynsjoch yn wat de boardkompjûter opslein hat oan foutmeldingen fan sensors. De helte fan de kearen is it trouwens in kapotte sensor, en is net it ding kapot dat de sensor besensort.

Kinst sowieso net folle mear oanwize ûnder in motorkap. De auto dy’t ik no ha, hat net iens mear in peilstôk: ik moat fertrouwe op dy ferrekte sensors foar it peil fan de oalje.

Ik ha hieltyd mear saken dy’t mar twa stannen ha. Oan of út. Heel of kapot. En wannear't it kapot is, kin ik it net sels mear reparearje. Myn laptop, myn telefoan, en ek myn auto. Ik begryp hiel goed wêrom dit sa is: it is kompakt, kompleks en hiel sekuer ôfsteld. Dêr moatte gjin amateurfingerkes yn omgrieme. Dat is it probleem ek net.

Mar stomtafallich wie der ek in bûtenlampe kapot hjir. Gleskes yn gruzeleminten en gjin ljocht. Ik ha ‘m útinoar skroefd, bin mei de noch hiele gleskes nei in glêshannel gongen, ha in pear nije meitsje litten, skode dy der yn, nij pitsje der yn en de boel wer yninoar setten. Fjouwer euro oan glês, in kertier prutse, en dan: ljocht!

En wat in hearlik gefoel is dat. Wat makke ha. Simpel, mar earst wie it kapot, en no docht er it wer, trochdat ik der even smoarge hannen, tiid en enerzjy yn stutsen ha. Ik bin grutsk op myn bûtenlampe!

Foar my jildt dat ik net fan sletten systemen hâld. Oft it no auto’s binne, de arbeidsmerk of de polityk: wannear’t ik der sels wat oan dwaan kin of oer te sizzen ha, ha ik der in better gefoel by. Mar twing my net yn in systeem.

Sa as myn autolampen. Dêr steane je dan by de garaazje. In stoere monteur - hannen ûnder de oalje - freegje oft hy in lampke ferfange kin. Hearken.

It klemke, dêr’t ik juster wol in tweintich minuten mei oan it prutsen wie, krige hy ek net fuortendaliks los. “Ach meneer, het is ook lastig hoor.” Hy stie der wakker oan te skuorren. Miskien wie it aktearre. Mar dat joech my dan wol wer foldwaning."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)