Takom wike presintaasje fan projekten Under de Toer

10 maaie 2017 - 21:41
Grutte tsjerke

De dielnimmende 32 projekten fan Under de Toer wurde nije wike tongersdei 18 maaie presintearre yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. It giet om 32 ferhalen dy't takom jier ûnder Kulturele Haadstêd ferteld wurde yn Fryske tsjerken. De ferhalen binne berne yn de oanbelangjende tsjerken en wurde it startpunt foar manifestaasjes wêryn't de doarpsmienskip en keunstners gearwurkje.

Under de Toer is in inisjatyf fan Bouke Oldenhof en Jos Thie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)