Pilot SW-Fryslân: Soarch by konsultaasjeburo yn groepsfoarm

11 maaie 2017 - 06:25

De gemeente Súdwest-Fryslân set ynkoarten útein mei de pilot Centering Parenting. Dit hâldt yn dat de soarch fan it konsultaasjeburo yn groepsfoarm jûn wurdt. Alden fan bern jonger as ien jier komme sân kear yn it jier byelkoar om te praten oer âlderskip. Se kinne dan fragen stelle en de oplossingen komme út de groep sels. It kin bygelyks gean oer iten, ûntwikkeling, faksinaasjes, gûlen en sliepen fan harren bern. By de groepspetearen is ek in jeugdferpleechkundige oanwêzich dy't it gesprek liedt.

Better ynformearre

"Uit onderzoek blijkt dat ouders die gebruik maken van deze manier van zorg, beter geïnformeerd zijn over de ontwikkeling van hun kind. Ze voelen zich betrokken en verantwoordelijk", seit wêthâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân. "Door de interactie met elkaar ontstaat er een netwerk. Het blijkt dat gezinnen met een goed ondersteunend netwerk minder ernstige problemen hebben. Deze manier van zorg voorkomt problemen in een later stadium."

De gemeente Súdwest-Fryslân is de earste yn de provinsje dy't úteinset mei dizze pilot. Bûten de provinsje rinne deselde pilots yn Twente, Wageningen en Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)