Nijbou swimbad De Welle troch miljoenesubsydzje tichterby

10 maaie 2017 - 20:45

Swimbad De Welle yn Drachten kin rekkenje op in subsydzje fan tsien miljoen euro foar de bou fan in nij 50-meterbad. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dat bekend makke. De subsydzje komt boppe-op de tsien miljoen dy't de gemeente Smellingerlân yn in nij swimbad stekke wol. Sportbedrijf Drachten, dy't de eksploitaasje fan it swimbad fersoarget, is tige bliid mei de subsydzjetasizzing. It swimbad wie neffens direkteur Evert-Jan Siderius hurd oan fernijing ta.

Bliidskip

"Wy binne superbliid dat wy in nij bad krije, mei behâld fan alle topsportfoarsjenningen. Dit swimbad rint op syn ein en renovaasje soe te djoer wurde en tefolle tiid kostje." De Welle is it iennichste 50-meterbad yn it noarden fan it lân en spilet dêrom in wichtige funksje yn de regio, foaral foar topsporters. "It nije bad wurdt de ideale kombinaasje fan rekreaasje en topsport", seit Siderius.

De kommende tiid wurdt der wurke om de finansiering rûn te krijen. Dêrnei kin úteinset wurde mei de plannen foar de nijbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)