Fûgelhelling ropt gemeenten opnij op mei te beteljen

10 maaie 2017 - 20:09

De Fûgelhelling yn Oerterp ropt ferskate Fryske gemeenten op om mei te beteljen oan de biste-opfang. De needopfang foar fûgels en oare wylde bisten komt struktureel jild tekoart. Tagelyk wurdt de opfang hieltyd bekender, wêrtroch der mear bisten binnen brocht wurde. De measte bisten dy´t binnen brocht wurde, komme út de gemeenten Ljouwert, Opsterlân, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. Dêrom is it ek logysk dat dy gemeenten ek wat bydrage, sa fynt bestjoersfoarsitter Henk Marinus.

"We moatte gewoan struktureel jild hawwe", seit Marinus."Ek omdat de behearder, dy’t ferantwurdlik is foar it hiele spul net in sint krijt, en dat kin net.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)