Ljouwerter plysje siket trije ynbrekkers

10 maaie 2017 - 19:13
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

De plysje is op syk nei trije manlju dy't tiisdeitenacht ynbrutsen hawwe yn in bedriuw oan de Kelvinstrjitte yn Ljouwert. Se wienen fia it dak fan it gebou binnen kaam, mar binne nei alle gedachten steurd troch it alarm. It trijetal naaide dêrnei út yn in auto.

De plysje hat gjin dúdlik sinjalemint fan de fertochten. It dak fan it bedriuw rekke troch de ynbraak flink skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)