FIDEO: ''Ik hield mijn kinderen op hun verjaardag thuis''

Gythe Kramers út Drachten libbet mei har beide bern fan in hiel lyts bytsje jild. Se is krekt út de skuldsanearring en krijt help fan stichting Leergeld. Dêrtroch kinne har bern no sporte en traktearje op skoalle as se harren jierdei fiere. Earder wie dêr gjin jild foar, dan hold Gythe de bern thús op de jierdei. ''Ze zijn in armoede opgegroeid'', fertelt se. ''Dat vind ik heel erg. Op hun verjaardagen hield ik mijn kinderen thuis.''
Dizze wike stiet by Omrop Fryslân Stichting Leergeld sintraal en wat se betsjutte foar bern en húshâldingen dy't it finansjeel oan de krapperein komme. Online, mar ek op radio en telefyzje binne reportaazjes te hearren en te sjen mei ynformaasje oer Leergeld. Mei persoanlike ferhalen fan minsken dy't de stichting holpen hat.