UPDATE: File by De Lemmer en De Jouwer wer oplost

10 maaie 2017 - 17:22
De Jouster rotonde út de loft - Foto: Omrop Fryslân

Ferkear op de A6 fan De Lemmer nei De Jouwer hat woansdei in skoft yn de file stien. Op it trajekt tusken Eastersee en De Jouwer stie inkelde kilometers file as gefolch fan in ûngelok. In auto seach te let dat de slachbomen fan de Skarster Rienbrêge ticht giene en ramde in auto dy't al stie te wachtsjes. Beide auto's skeaten troch de slachbomen hinne. Troch de botsing rekken beide auto's skansearre moasten burgen wurde.

Trefwurden: 
file De Jouwer ûngelok A6
(Advertinsje)
(Advertinsje)