Nij boek oer Fryslân út histoarysk-geografysk perspektyf wei

10 maaie 2017 - 16:47

Yn it nije boek 'Friesland vandaag' beskriuwt Hans Koppen it Fryslân fan no út histoarysk-geografysk perspektyf wei. It giet oer hoe't minsken yn de rin fan de tiid it Fryske lân ynrjochte ha en hoe't se hjir har bestean fine kinne. "Als inwoner van Friesland was ik verbaasd door wat ik zie in het landschap en ik wilde begrijpen wat ik zie, vanuit mijn vakgebied de geografie."

It boek is yndield yn trije haadstikken: watst sjochst, hoe't dat sa kaam is en wat Fryslân foar de minsken betsjut. "Daarin gaat het over identiteit, cultuur, natuur en kunst. Elke Fries heeft zijn eigen identiteit, er is niet één Friese identiteit. Die identiteit leidt tot handelen zoals landbouw, industrie, steden, recreatie."

It boek is woansdei yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits presintearre en kommissaris fan de Kening Arno Brok hat it earste eksimplaar yn ûntfangst nommen. Hy fynt it in prachtige útjefte. "It moat ferplichte kost wêze op alle skoallen, it giet oer de skiednis mar ek oer de takomst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)