Súdwest-Fryslân hâldt miljoenen euro's oer

10 maaie 2017 - 16:17
It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De gemeente Súdwest-Fryslân hat ferline jier sân en in heal miljoen euro oerhâlden. Dat komt ûnder oare omdat der mear grûn ferkocht is. Ek is der rom twa miljoen minder útjûn oan húshâldlike help en oare soarchtaken fan de gemeente. Dat bedrach sil dit jier wol oan de soarch útjûn wurde.

Boargemaster en wethâlders wolle de rest fan it jild besteegje oan it ûnderhâld fan diken, de ferbou fan it gemeentehûs yn Boalsert, de digitale tsjinstferliening fan de gemeente en it herstel fan it glêzen dak fan de Broeretsjerke yn Boalsert. Oer dy lêste saken moat de gemeenteried noch wol in beslút nimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)