Fragen oer lûdsoerlêst troch útwreiding fleanfjild Lelystêd

10 maaie 2017 - 15:59

De útwreiding fan fleanfjild Lelystêd hâldt de ynwenners fan de Súdwest-Fryslân dwaande, mar echt grutte soargen oer lûdsoerlest lykje der net te wêzen. By de oanfleanrûtes fleane de fleantugen op in hichte fan tusken de 1200 en 1500 meter oer Súdwest-Fryslân. Dat is leech, fine in soad minsken en dus is der ferset. Want leechfleanende fleantugen soargje foar lûdsoerlêst. Mar ek fijnstof soe in gefaar wêze.

Yn Munnikebuorren is tongersdei in ynformaasjejûn oer de effekten fan de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd.

(advertinsje)
(advertinsje)